Langer oan wurk by Caparis

27 aug 2014 - 16:10

Hast 350 tydlike wurknimmers fan Caparis kinne langer oan it wurk bliuwe. Fryske gemeenten hawwe har kontrakten ferlingd om foar te kommen dat de wurknimmers op strjitte komme te stean. Op 1 jannewaris giet de nije partisipaasjewet yn. Om't de kontrakten fan de Caparisminsken al foar de ein fan it jier ôfrûnen, soe dat betsjutte dat sy net langer bliuwe koenen by Caparis.

De acht gemeenten dêr't Caparis mei gearwurket hawwe mei-inoar fan 318 minsken de kontrakten ferlingd.

Fierder hawwe 24 minksen in fêste oanstelling krigen en wurdt foar acht minsken noch nei in oplossing socht. De gemeenten hawwe boppedat in wurkgroep oprjochte om in definitive oplossing te finen foar de Caparismeiwurkers.

Trefwurden: 
Caparis kontrakt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)