Gjin jongeskeatsen mear by LKC

De keatsferiening LKC Sonnenborgh út Ljouwert wol gjin keatspartijen foar jonges mear organisearje. De lêste kear, op 16 augustus rûn it flink út de hân, de karmasters waarden útskolden en de klaaiboksen wiene in grutte binde. In wike earder wie yn Damwâld al itselde bard, dêr siet de stront letterlik op de muorren.
It bestjoer fan LKC hat it keatsbûn KNKB no frege om oan Ljouwert de kommende jierren gjin jongespartijen mear ta te wizen.
De KNKB is it mei de keatsferiening iens dat dit gedrach net tastien wurde kin, mar wol net alle keatsers oer ien kaam skeare. Snein sil der yn Tsjummearum mei de jonges oer praat wurde.