Lemmer hâldt fêst oan akwadukt

27 aug 2014 - 12:40

De gemeente De Fryske Marren leit him der net samar by del dat der gjin akwakdukt komt op De Lemmer. De provinsje hat besletten dat de ferkearsproblemen op de N359 oplost wurde troch de dyk sels oan te pakken. De gemeente wol in akwadukt, mar neffens de provinsje is dat net needsaaklik.

De Lemsters tinke dêr oars oer. De gemeente hie jild reservearre foar in akwadukt, mar no't dat der net komt, lûke se de bydrage oan de dyk werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)