ZSM-rjocht docht fertuten

Goed 10.000 oertrêdings yn Noard-Nederlân binne it ôfrûne jier ôfhannele mei it saneamde ZSM-rjocht. By dizze metoade fan plysje en justysje krije fertochten dy't oppakt wurde foar lytse oertrêdings fuortendaliks in straf fan de offisier fan justysje. Sa hoege se net nei de rjochter ta en dat besparret in soad tiid. Ofrûne jier wienen der 18.000 saken dy't yn de beneaming kamen foar dit ZSM-rjocht. Yn 8.000 oare saken wie noch oanfoljend ûndersyk nedich.
It Iepenbier Ministearje wol ein dit jier alle lytse plysjesaken fia it supersnelrjocht behannelje.