Gaslek nei botsing Ypekolsgea

27 aug 2014 - 10:00

Oan de provinsjale dyk by Ypekolsgea is woansdeitemoarn in auto tsjin in gashûske oanriden. Neffens wurdfierder Anthony Hogeveen fan de brânwacht wie it in lichte botsing, mar lekte der wol gas út it hûske wei.

In monteur fan gasbedriuw Enexis hat de lekkaazje ferholpen. Foar de wissichheid wie ek de brânwacht ynskeakele en wie de dyk foarearst ôfsletten. It gie om de N928 tusken Wâldsein en Balk. Oan 'e ein fan de moarn is de dyk wer frijjûn. By it ûngelok is nimmen ferwûne rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)