Fryske primeurs op Hiswa

27 aug 2014 - 07:22

Op de Hiswa binne ferskate Fryske primeurs te sjen. De wetterbeurs begjint 2 septimber yn Amsterdam. Jachtwerf Heech presintearret dêr it nije kajútsyljacht Pointer 25. De boat is in eigen ûntwerp en boud yn Heech. De boat hat noch noait fearn, mar is no al nominearre as Europeesk jacht fan it jier.

De Stille Boot yn Heech is ek fan de partij, dy't it nije navigaasjesysteem Torq Trac sjen lit foar op tablet of tillefoan. En yn Snits leit by Jansma Jacht in nije motorboat, dy't nij is foar ús lân.

Trefwurden: 
Hiswa wettersport
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)