CNV simmertoer ôfsletten
Fakbûn CNV hat de hiele simmer ûnderweis west mei har 'Zomercheck-tour'. Op allerhande plakken dêr't fan 't simmer wat te rêden wie, koene jo de ynformaasjestand tsjinkomme. Meiwurkers beantwurden dêr fragen oer wurk en ynkommen.
Foar Fryslân wie tiisdei de ôfsluting fan de toer yn it sintrum fan Ljouwert. 'On tour' die bliken dat in soad minsken ynteresse hawwe, mar de stap om lid te wurden fan it bûn waard selden set.