Gjin akwadukt foar De Lemmer

26 aug 2014 - 20:03

De ferkearsproblemen op de N359 op De Lemmer moatte oplost wurde troch de besteande dyk oan te pakken. Dat is it definitive stânpunt fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. De gemeente De Fryske Marren wol njonken oanpassings oan de dyk ek graach in akwadukt ûnder de Sylroede. Mar neffens de provinsje is dit net nedich omdat de ferkearsproblemen benammen allinnich yn de simmer foarkomme.

Earder dit jier spruts de provinsje ek al de foarkar út foar de saneamde 'sobere fariant'.

It advys wurdt no foarlein oan Provinsjale Steaten. Yn oktober wurdt in beslút naam.

Trefwurden: 
De Lemmer akwadukt N359
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)