Fryslân hâldt droege fuotten

26 aug 2014 - 16:44

Fryslân komt der goed foarwei as it giet om it reinwetter dat yn dizze moanne fallen is. Augustus is oant no ta wol in wiete moanne foar ús provinsje. Mar sa slim as yn grutte dielen fan it midden en suden fan it lân is it net. Dêr hawwe ferskate wetterskippen besletten om it wetterpeil no al op winternivo te setten. Neffens Pier Schaper fan it Wetterskip Fryslân en behearder fan de Fryske boezem hat it wetter yn ús proinsje nergens foar oerlêst soarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)