Plysje scant kentekens

26 aug 2014 - 16:26

De plysje Drachten hat tiisdei op de Stasjonswei yn Drachten in saneamde ANPR kontrôle útfierd. Dat betsjut dat kentekens fan auto's scand wurde en besjoen wurdt oft de eigener noch boetes iepenstean hat of dat de persoanen dy't by de auto hearre op in oare wize by de plysje bekend binne.

Twa bestjoerders hiene noch boetes iepenstean. Ien auto is yn beslach naam fanwege in skuld by de belestingtsjinst. De auto is troch in bergingsbedriuw fuortsleept.

Trefwurden: 
Drachten kontrôle ANPR
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)