Meldpunt klachten taksyferfier

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
Soarchgroep Alliade stelt in meldpunt yn foar klachten oer it taksyferfier. Fan takom wike ôf docht Taxi Klomp út Ede it ferfier, yn stee fan de Fryske bedriuwen Oenema en Witteveen. Beide partijen binne it net iens wurden oer de oername fan personiel. Dat betsjut dat de kliïnten fan Alliade aanst nije sjauffeurs krije.
De soarchgroep seit der alles oan dien te hawwen om te soargjen dat de nije sjauffeurs goed ynwurke binne, mar hat foar de wissichheid dochs in meldpunt iepene.