Tsjasker Boalsert fuorthelle

26 aug 2014 - 15:37

De Fryske pealtsjasker dy't yn Boalsert by de A7 stie, is fuorthelle troch de gemeente Súdwest-Fryslân. De poldermole hat ferline jier oktober stoarmskea oprûn. De wjukken binne skansearre. De gemeente lit se dizze winter restaureare. De bedoeling is dat takom maaitiid de mole wer werom pleatst wurdt. It is noch net dúdlik oft dat op itselde plak is of dat de mole wer echt ynset wurde sil as poldermole. De tsjasker komt út 1973 en is al in pear kear opknapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)