Nijntje ek yn it Stellingwerfs

Ien fan de Nijntje-boekjes ferskynt yn it Stellingwerfsk. It giet om pake en beppe Pluus. Dêryn giet Nijntje op 'bezuuk' by pake en beppe Pluus. Skriuwer Johan Veenstra hat it oersetten fanút it Nederlânsk. It boekje leit fan tongersdei ôf yn de boekwinkels. It ferskynt by de Fryske útjouwerij Bornmeer. Dêr ferskynde Nijntje earder al yn oare streektalen, lykas it Twintsk, it Sieusk en it Brabânsk. Dat wie in grut sukses.