Drachtsterfeart earder klear

26 aug 2014 - 07:15

It giet goed mei de Drachtsterfeart. It wurk leit foar op de planning. Sa bot sels, dat der rekken mei hâlden wurdt dat de feart in healjier earder klear is. Dat komt benammen troch it moaie waar. Dêrtroch koe der flink trochwurke wurde.

Sa't it no liket, is de Drachtsterfeart ein takom jier klear. Dat soe net earder as yn de maaitiid fan 2016. It Drachtsterfeart-projekt hat foaral profitearre fan de mylde winter en de relatyf droege simmer. Boppedat wiene der gjin grutte technyske problemen.

Trefwurden: 
Drachten Drachtsterfeart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)