Sopmaraton tsjin grienteboykot

Wa't op ludike wize wat dwaan wol oan it griente-oerskot dat ûntstien is troch de Russyske boykot, kin freed terjochte yn Ljouwert. Dêr wurdt in sopmaraton fan 24 oeren holden. Frijwilligers meitsje 2400 potten sop fan 1500 kilo tomaten om sa in part fan de oerskotten fan Fryske tomatekwekers fuort te wurkjen.
De inisjatyfnimmers wolle mei de aksje ek omtinken freegje foar duorsumens en it fergriemen fan iten. De 2400 potten stean symboal foar it oantal kilometers tusken Fryslân en Moskou. Der is noch ferlet fan sopsieders.