Sinnepark stapke tichteby

Gemeente It Amelân
De oanlis fan in sinnepark op It Amelân is in stap tichterby. De gemeenteried hat yn mearderheid gjin problemen mei it projekt. It sinnepark is in inisjatyf fan de Amelander Energie Coöperatie. Dy wol by it fleanfjild by Ballum in sinnepark fan tsien bunder grut oanlizze. Dêrmei kin it eilân 20% fan it elektrisiteitsferbrûk sels opwekke.
Riedslid Groenewold fan Ameland '82 stimde moandeitejûn tsjin. Ek twa leden fan Algemeen Belang Ameland stimden tsjin. Sy fine dat it park te grut wurdt.