Jong Hearrenfean op skot

© awfoto.nl
Jong SC Hearrenfean hat de twadde winst yn de beloftekompetysje te pakken. Yn de twadde helte waard op sportpark Skoatterwâld Jong PEC Zwolle mei 6-0 ferslein. By it skoft hie in better Jong Hearrenfean de goal noch net fûn. Yn de twadde helte gong it hurd. Szabolcs Varga soarge yn de 54e minút foar de 1-0. Fiif minuten letter wie it troch Jens Jurn Streutker en Pascal Huser (pennel) al 3-0. Opnij Huser en twa kear Pelle van Amersfoort soargen yn de lêste tsien minuten foar de 6-0 einstân. Jong Hearrenfean stiet no twadde yn pûl twa.