Nije operaasjekeamers It Fean

De operaasjekeamers fan sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean wurde op it stuit renovearre. Apparatuer wurdt ferfongen en de keamers krije nije systemen dêr't makliker pasjintegegevens mei op te roppen binne. De operaasjes gean gewoan troch. It grutte wurk lykas it slopen fan de flierren wurdt yn it wykein dien, it oare tusken de bedriuwen troch of jûns.
Der binne maatregels naam om foar te kommen dat der stof yn de oare operaasjekeamers komt. Alle seis operaasjekeamers moatte yn febrewaris takom jier klear wêze.