Noed oer besunigings WMO

25 aug 2014 - 21:27

De fakbûnen hawwe in brânbrief stjoerd nei alle gemeenten. Neffens FNV, VCP en CNV besunigje guon gemeenten mear op de thússoarch as fanút it Ryk moat. En dat smyt problemen op tinke de fakbûnen. Gemeenten wurde takom jier ferantwurdlik foar tal fan ekstra taken, wêrûnder de thússoarch, mar binne benaud dat se net genôch jild oerhâlde. Dêrom besunigje se mear as nedich is, seit Maurice Limmen fan CNV.

Hy hopet dat de gemeenterieden de besunigings noch keare kinne. Yn de measte gemeenten wurdt dêr yn oktober in beslút oer naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)