'Test brêge Fjouwerhûs slagge'

25 aug 2014 - 20:41

De âlde Ruijtenschildtbrêge by Fjouwerhûs kin noch maksimaal 750 ton oan en is dêrmei sterker as tocht. Dat hat bliken dien út in proef fan de provinsje, Rykswettersteat en de TU Delft. Mei sensoaren waard metten wat de maksimale draachkrêft is. Dizze ynformaasje wurdt no brûkt om de feiligens fan brêgen yn Nederlân te ferbetterjen.

De Ruijtenschildtbrêge is 53 jier âld en wurdt nei de test fernijd. Dit renovaasjewurk wurdt yn twa parten útfierd, sadat de brêge iepen bliuwt foar ferkear. It wurk duorret in jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)