Studinten skrikke fan reek

25 aug 2014 - 19:00

Ljouwerter studinten binne skrokken fan it effekt fan reek yn in ôfsletten romte. It finen fan in flechtrûte is dan folle dreger. As ûnderdiel fan de yntroduksje-aktiviteiten koenen studinten moandei op it Saailân yn in reektinte fan de brânwacht ûnderfine hoe't it is om neat mear te sjen. It belang fan reekmelders yn studintehuzen is dêr wol mei oantoand, fûnen de measten.

De yntrodukjsewike LEIP fan alle Ljouwerter HBO-skoallen sette útein mei in protte aktiviteiten yn de stêd. Doel is om mei de stêd yn de kunde te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)