Regintekeamer is restaurearre

25 aug 2014 - 18:03

Yn filla Vijversburg yn de bosk fan Ypey by Tytsjerk is moandeitemiddei de regintekeamer oplevere. Park en filla wurde dit jier beide oanpakt. It park wurdt fernijd en útwreide, de filla wurdt folslein restaurearre. Ien en oar moat takom jier klear wêze.

As ien fan de earste ûnderdielen is de regintekeamer fan 1892 werombrocht yn de orizjinele steat mei de orizjinele kleuren. Yn de keamer hingje portretten fan alle reginten sûnt 1892. Stuollen, tapyt, gerdinen, kasten en skilderwurk sjogge der wer krekt sa út as yn de 19de ieu.

De reginten binne fan doel om de keamer ek beskikber te stellen as lytsskalige troulokaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)