Rekôr oan studinten Ljouwert

Ljouwert hat dit skoaljier mear as 20.000 studinten: in rekôr. In protte fan dizze studinten sykje wenromte yn de Fryske haadstêd en dat is net altyd like maklik. Sa'n 7500 dêrfan wenje op keamers. De start fan it stúdzjejier foar de nije studinten begûn moandei mei in yntroduksjedei. Sa kinne se har nije stêd better kinnen leare.
Foar de keamers dy't no noch leechsteane betelje studinten de haadpriis. Der binne plannen foar de bou fan in twadde en tredde studinteflat, mar dêr hawwe de studinten dy't no noch in keamer sykje neat oan.