Nije brêge yn haven Harns

Moandeitemoarn is it earste beton stoarten foar de ferbiningsbrêge tusken de Willemshaven en de kearmuorre. Dizze brêge makket de rûte tusken de haven en de binnenstêd in stik koarter.
Neist de oanlis fan de rinbrêge wurdt ek wurke oan de renovaasje fan it havenplein en is ek de Prinsenstrjitte al oanpakt. De oannimmer hopet de brêge foar it stoarmseizoen klear te hawwen. Wethâlder Le Roy fan Harns stoarte moandei it earste beton foar de rinbrêge.