Omrop op 4800 euro foar ALS

25 aug 2014 - 12:51

Omrop Fryslân hat mei de icebucketchallenge fan ôfrûne freed oant no ta hast 4800 euro ophelle foar de striid tsjin ALS. Goed 30 minsken diene mei oan de aksje, ûnder wa ek meiwurkers fan de Omrop. Sy krigen hûnderten liters iiswetter oer har hinne. Mei dizze útdaging wurdt jild ynsammele foar ûndersyk nei de deadlike spiersykte ALS.

Wa't meidien hat, mei oaren nominearje. Omrop Fryslân hat keazen foar trije oare mediabedriuwen. Dat binne de Ljouwerter Krante, it Friesch Dagblad en GPTV.

Trefwurden: 
ALS Ice Bucket Challenge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)