Accell nimt Comet oer
Fytsefabrikant Accell op It Hearrenfean nimt it Spaanske Comet oer. Dat is yn Spanje merklieder yn de ferkeap fan fytsûnderdielen. It is foar Accell de earste oername yn Spanje. Comet hat in jieromset fan goed 27 miljoen euro. Neffens Accell past Comet yn it stribjen fan it Feanster bedriuw om it Europeeske distribúsjenetwurk foar fytsûnderdielen fierder yn te foljen.