Festival wol oerlêst beheine

© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
De organisaasje fan it dancefestival Psy-Fi docht der alles oan om oerlêst foar omwenners tsjin te gean. Dat skriuwt wurdfierder Garrit yn in brief oan it CDA yn Ljouwert. De fraksje makket him soargen oer it festival, dat fan tongersdei ôf holden wurdt yn it Griene Stjer-gebiet. De partij hie dêr fragen oer steld oan it kolleezje.
De organisaasje seit dat der spesjale lûdssystemen binne wêrmei't it lûd nei de grûn en nei de greiden stjoerd wurdt. Dêrneist wurdt besocht it park by de opbou safolle mooglik iepen te hâlden foar publyk.