Brânprevinsje foar studinten

24 aug 2014 - 15:42

De gemeente Ljouwert en de brânwacht hâlde dit jier foar it earst in grutte brânprevinsje-aksje foar studinten. Se dogge dit nei oanlieding fan de brân op de Kelders ferline jier. No't it nije stúdzjejier begjint, wurde de studinten opsocht by yntroduksje-aktiviteiten. Benammen bewustwurding kin in protte leed foarkomme.

De studinten kinne ûnderfine hoe't it is om yn in hûs fol reek te bewegen. De brânwacht tinkt dat de grutte brân wolris soargje kin foar mear omtinken foar previnsje. De gemeente kontrolearret ek studintehûzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)