Noed oer kwaliteit gymlessen
Learkrêften yn it basisûnderwiis ferwachtsje dat it jaan fan gymnastykles oan bern mei in beheining net altyd maklik wêze sil. Dat docht bliken út ûndersyk fan Sport Fryslân. Basisskoallen moatte sûnt koart foldwaan oan de wet passend ûnderwiis mei as gefolch dat safolle mooglik learlingen mei in beheining regulier ûnderwiis folgje moatte.
Guon learkrêften tinke dat it dreech wurdt om in kwalitatyf goede gymles te jaan dêr't alle learlingen goed meidwaan kinne. Fakdosinten fan Sport Fryslân kinne skoallen helpe mei kennis en kreativiteit.