Rekôr mei heapakje-parsen

Foar de 25e kear binne yn Aldeholtpea dit wykein de Roel Bottemadagen hâlden. Op it eveneminteterrein wienen sa'n 200 histoaryske trekkers te sjen, âld boereark, legertrucks en dit jier ek 16 'pipoweinen'. Grutte publykslûker wie it heapakje-parsen mei safolle mooglik parsen. Der stienen 16 âlde parsen yn in sirkel opsteld. Neffens de organisaasje in rekôr. Der kamen sa'n 1.500 minsken op ôf, dat is wat minder as oars.