'Dakleazen' ha goede nacht hân

24 aug 2014 - 12:24

Sa'n fjirtich jongeren ha sneontenacht nettsjinsteande de rein bûtendoar sliept yn Blessum. De aksje wie opset om te ûnderfinen hoe't it is om as dakleaze te libjen. Guon dielnimmers reinden fuort en koenen yn in heal iepen skuorre telâne. Oaren hienen goede bousels fan kartonnen doazen en seil makke sadat se de nacht droech trochkamen. De sliepers lieten har sponsorje. Ien famke hie hast 200 euro ophelle. De opbringst wurdt rûsd op 750 euro. Dat jild giet nei earme jonge dakleazen yn ûntwikkelingslannen.

De Nacht Zonder Dak waard organisearre troch Geloven058, in inisjatyf fan de gearwurkjende Ljouwerter tsjerken. Takom jier wurdt wer sa'n nacht hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)