Bespyljen kariljon is erfgoed

It bespyljen fan it klokkespul yn tsjerketuorren is fan moandei ôf offisjeel kultureel erfgoed. De Nederlânske Klokkespul Feriening krijt yn Utert it offisjele sertifikaat fan de Unesco oerlange. De ynternasjonale erkenning is belangryk foar it behâld fan klokkespilers. De tradysje is mear as 300 jier âld.
De gemeente Súdwest Fryslân hat twa kariljonspilers, yn Snits en Boalsert. De gemeente Ljouwert hat de klokkespiler earder fuortbesunige. It kariljon fan it stedhûs wurdt dêr automatysk bespile.