Mear ûndersyk ûngelok Penjum

© Jaring Rispens/JRF Producties
It ûndersyk nei de tadracht fan it slimme ûngelok, freedtejûn yn Penjum, giet ek snein noch troch. In auto, bestjoerd troch in man fan 37 jier út Littenseradiel, ried op de Waltingaleane twa fuotgongers oan, dy't dêr rûnen mei de hûn. De slachtoffers, in 18-jierrige jonge út Steggerda en in 18-jierrich famke út Penjum rekken swier ferwûne; de jonge is letter yn it sikehûs ferstoarn. De automobilist is oanhâlden en sit noch fêst.