Earste oerwinning Hearrenfean

23 aug 2014 - 23:13

Sportklup Hearrenfean hat de earste oerwinning fan it seizoen behelle. De ploech fan trainer Lodeweges wie mei 2-0 te sterk foar Excelsior.

Hearrenfean spile net goed, mar krige de earste helte dochs in lading oan kânsen. Dochs duorre it oant de 84ste minút foardat de earste goal foel. Excelsior-keeper Deckers helle Slagveer nei de grûn en krige in reade kaart. Omdat Excelsior al trije kear wiksele hie, gong fjildspiler Vermeulen op goal. De Roon skoarde de penalty en yn de 89ste minút makke nijkommer Sam Larsson de beslissende 2-0.

Hearrenfean stiet no dield sânde mei fjouwer punten út trije wedstriden. Folgjende wike spilet Hearrenfean wer thús. Dit kear tsjin FC Utrecht.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)