Brandsma wint NK op thúsbarte

23 aug 2014 - 17:24

Nard Brandsma fan It Heidenskip is de nije Nederlânsk kampioen fierljeppen. Op syn eigen thúsbarte ljepte er nei in winnende ôfstân fan 20.91. Dêrmei wist er Jacco de Groot mei 20.85 efter him te hâlden. Bart Helmholt waard tredde mei 20.05. By de froulju gong de titel foar de tredde kear nei Dymphie van Rooijen mei 15.67 meter. Klaske Nauta waard tredde mei 15.04.

Ricardo Faaij pakte by de junioaren de winst mei 19.33 meter. Sytse Bokma waard tredde mei 18.16. By de jonges wie de Nederlânske titel foar Jan Teade Nauta mei 17.10 meter.

Der wie ek noch opskuor by de senioaren. Topklasser Oane Galama, winner fan it klassemint fan it Frysk Ljeppers Boun, soe yn syn tredde fiere sprong krekt bûten de tastiene tiid ljept ha. Dat kaam omdat de pols fan Age Hulder, dy't op de barte njonken Galama in wietsprong ôflevere, hinderlik wie foar Galama. De wedstriidlieding wie net ienriedich en koe gjin beslút nimme. Skiedsrjochter Jan van der Laan brocht de oplossing, Oane Galama kaam as ekstra ljepper yn de finale. Hoe fier de moaie sprong fan Galama wie, waard net bekend makke. Oane Galama wie slim teloarsteld yn de wedstriidlieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)