De Vries wint Iepen NK Hallum
Elma de Vries hat sneon it Iepen NK skeelerjen yn Hallum op har namme skreaun. Op de einstreek wist De Vries, oarspronklik fan De Haule, Sharon Hendriks en Irene Schouten foar te bliuwen.
Janita Willems-Crediet einige as fjirde, de Amerikaanse Heather Richardson kaam as fyfde oer de einstreek.