Deade by slim ûngelok Penjum

22 aug 2014 - 22:37

By in oanriding op de Waltingaleane yn Penjum is freedtejûn in 18-jierrige man út Steggerda ferstoarn. In 18-jierrige frou út Penjum rekke slim ferwûne. De man út Steggerda waard noch mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins flein, mar ferstoar dêr letter.

De frou út Penjum waard earst nei it sikehûs yn Snits brocht, mar is letter dochs noch nei Grins oerpleatst. De twa hienen ek in hûn by harren, dy hat de oanriding ek net oerlibbe. De automobilist, in 37-jierrige man út Littenseradiel, is oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)