D66: dúdlikheid boaiemdelgong

22 aug 2014 - 21:04

De steatefraksje fan D66 wol dat der gau dúdlikheid komt oer de boaiemdelgong by Frjentsjer en Harns. Earder dizze wike waard bekend dat de delgong troch de sâlt- en gaswinning noch jierren trochgean kin. De provinsje makke ferline jier noch hast 13 miljoen euro frij om de gefolgen fan de delgong oan te pakken. D66 fynt dat der nei dizze bydrage sjoen wurde moat, no't bliken docht dat de delgong langer trochgiet as earder tocht waard. Der soe boppedat opnij praat wurde moatte mei de bedriuwen dy't foar de delgong ferantwurdlik binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)