FNV wint rjochtsaak De Roos

22 aug 2014 - 19:21

Transportûndernimmer Jan de Roos fan De Lemmer hat in rjochtsaak tsjin it fakbûn FNV ferlern. Neffens de rjochter hat der gjin sprake west fan in trochstart nei it fallyt gean fan syn transportbedriuw yn maaie. Hy is gewoan trochgien mei it bedriuw. Dit betsjut dat De Roos 75.000 euro betelje moat oan syn personiel. It giet om lean en sosjale lêsten, dy foar it fallisemint noch net betelle wienen.

As der wol sprake west wie fan in trochstart, hiene it personiel en it UWV foar de kosten opdraaid.

It is noch net wis oft de 20 meiwurkers fan De Roos it jild krije. As it der net is, soe it bedriuw fallyt gean kinne. De Roos woe lykwols net reageare op de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)