Gordykster frijlitten

© Omrop Fryslân
De 34-jierrige man út De Gordyk dy't woansdei op twa doarpsgenoaten ynried, is freedtemiddei frijlitten. It ûndersyk tsjin de man rint noch. Yn dat ûndersyk wurde twa meldingen meinaam fan pleagerijen. Ien melding giet der oer dat de 34-jierrige man sels pleagje soe, in twadde melding giet der oer dat de man pleage is. Der is wol proses-ferbaal tsjin de Gordykster opmakke.
De man ried woansdei op de Loayersstrjitte mei opsetsin tsjin de auto fan doarpsgenoaten fan 19 en 22 jier. Beiden kamen mei de skrik frij.