CDA: soargen oer dancefeest

It CDA yn Ljouwert makket him soargen oer it dancefestival Psy-Fi, dat fan nije wike tongersdei ôf hâlden wurdt yn it Griene Stjer-gebiet. Neffens it CDA mochten yn it gebiet dizze simmer mar trije festivals hâlden wurde, en dit is it fjirde.
Fierder fynt de fraksje dat omwenners wol hiel bot oerfrege wurde troch de lûdsoerlêst, dy't fiif dagen sûnder ophâlden duorje sil.
De gemeente Ljouwert seit yn in earste reaksje dat der mei de organisaasje ôfspraken makke binne oer it nivo fan it lûd. Dat moat oan de ein fan de jûn en yn de nacht sa leech wêze dat de gemeente gjin klachten ferwachtet. Meiwurkers sille der ek op kontrolearje.