Eigener deade hûn oanhâlden

© Twitter @polfryslan
De plysje hat freedtemoarn in 62-jierrige ynwenner fan Hallum oanhâlden op fertinking fan it ferdrinken fan syn hûn. It bist waard op 11 augustus fûn yn de Foudgumer Feart yn Boarnwert. De plysje kaam de man op it spoar troch ferskate tsjûgen. De man sit fêst.
In foarbygonger seach de swarte hûn yn it wetter lizzen. Der wiene stiennen oan de poaten fan de hûn fêstbûn.