App foar slim sike pasjinten

22 aug 2014 - 14:29

Sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean hat in app makke foar pasjinten op de Intensive Care. Pasjinten kinne op in iPad oanjaan oft se pine ha, oars lizze wolle of dat se nei it húske moatte. De app is foar pasjinten dy't net prate kinne, omdat se bygelyks oan de beäzeming lizze. De app wurket mei ikoanen. Pasjinten meie in iPad fan it sikehûs brûke.

Earst brûkten se yn de Tjongerskâns in letterboerd. Dat duorre lang en wie frustrearjend foar pasjint en dokter. De Tjongerskâns is it earste sikehûs yn Fryslân dy't de app brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)