Hearrenfean sûnder Dalgaard

22 aug 2014 - 14:12

Sportklup Hearrenfean moat it sneontejûn tsjin Excelsior sûnder Thomas Dalgaard dwaan. De spits is blessearre oan syn ljisk. Joey van den Berg is troch syn reade kaart tsjin Feyenoord skorst. De kâns is grut dat Van Anholt syn plak ynnimt en dat Raitala op de linksback begjint.

Sam Larsson begjint nei alle gedachten ek yn de basis. Neffens Lodeweges hat de Sweed goed meitraind en is de groep entûsjast oer de kwaliteiten fan Larsson. Sinkgraven nimt it plak yn fan Hakim Ziyech, dy't ferkocht is oan FC Twente.

Mooglike opstelling: Nordfeldt, Marzo, Buijs, Van Aken, Raitala, De Roon, Van Anholt, Sinkgraven, Slagveer, Uth en Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)