Utwreiding strânriden Skylge

© Omrop Fryslân
De gemeente Skylge hat tastimming krigen foar de útwreiding fan it strânriden. Fan dit jier ôf mei der ek yn oktober nachts op it strân riden wurde. De gemeente koe hjir net samar tastimming foar jaan en is bûn oan ôfspraken mei Steatsboskbehear, it LRCT en Houdt van Strand.
De provinsje hat it fersyk fan Skylge beoardield en nei ekologysk ûndersyk konkludearre dat der gjin sprake is fan oantaasting fan de natuerwearden.