Botsing ûnder ynfloed op A32

In 30-jierrige automobilist fan It Hearrenfean is tongersdei oppakt om't er ûnder ynfloed fan drugs of medisinen in oanriding feroarsake hat op de A32 by Grou. De man botste achterop in oare automobilist. In 68-jierrige man út Ljouwert ried op de linkerbaan en woe in oare auto ynhelje doe't de Feanster mei hege snelheid op him ynried. Der rekke gjinien ferwûne.
Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat de fertochte ûnder ynfloed wie. Testen moatte útwize wat de man brûkt hat.