'Boykot: molkprizen omleech'

Logo FrieslandCampina
FrieslandCampina nimt maatregels om de ferliezen troch de Russyske boykot op te fangen. Sa is de produksje fan tsiis foar Ruslân stillein en wurdt der mear ynsetten op de produksje fan molkpoeier yn stee fan tsiis. De tsiis dy't al makke wie foar eksport nei Ruslân, is yntusken foar in grut part oan oare lannen ferkocht. It suvelkonsern ferwachtet dat de molkpriis foar boeren troch de boykot omleech gean sil.
FrieslandCampina hat ferline jier foar 190 miljoen euro nei Ruslân eksporteard.