Cosmo Trucks fallyt ferklearre

22 aug 2014 - 07:31

De rjochtbank hat Cosmo Trucks, ûnderdiel fan Koops Furness, fallyt ferklearre. Earder hie it bedriuw al útstel fan betelling oanfrege. Cosmo Trucks is in bedriuw dat frachtauto's ûnderhâldt.

It hat festigings yn it hiele lân, ek yn Ljouwert, Boalsert, Sint Anne en op It Hearrenfean. Mei-inoar wurkje der 55 minsken. Oft der in trochstart komt, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)