Syljacht losslein by De Lemmer
De brânwachtkorpsen fan De Lemmer en Langwar binne yn de nacht fan tongersdei op freed útrukt foar in syljacht dat losslein wie op de Grutte Brekken. It driuwende skip wie bûten de haven fêstrekke yn fiskersnetten.
Twa brânwachtminsken binne it wetter yn gong om it jacht los te snijen. Dêrnei is it skip wer nei de haven ta sleept.