Moai waar goed foar folkstunen

21 aug 2014 - 21:11

Folkstúnferiening 'Nocht en Wille' út Dokkum plukt de fruchten fan de waarme simmer. In soad tunen binne beset en de feriening sjocht dat hieltyd mear nije leden harren oanmelde.

De túnkers ferbouwe net allinnich mear foar harsels, mar in diel fan de ferboude griente giet nei in oare bestimming, de itensbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)